De FNV hat yn de provinsje Fryslan twa lokale fakbûnshuzen, wêr't al ús (takomstige) leden terjochte kinne mei har fragen oer alles wat mei wurk, ynkommen of karriêre te krijen hat. Mar soms ek gewoan in kopke kofje te drinken en efkes by te praten.
Ûtdaging:
Kinst dus sizze dat it lokale fakbûnshûs FNV in ferieningskluphûs fan en foar ús (takomstige) leden is.
Der binne allegearre aktiviteiten dy't te krijen hawwe mei wurk, ynkommen en dyn karriêre. Yn de basis de emansipaasje fan wurknimmers yn de meast brede sin fan it wurd. Wy daagje dy dus ek graach út om nije ideeën of aktiviteiten oan te bringen dy't passe by dizze doelstelling fan de FNV.
Wy binne dus in feriening, en dy is sa sterk as de leden har meitsje. Ik doar de bewearing oan dat wy yn Ljouwert en It Hearrenfean sterk en stoer binne en de taal prate.
Foarbyld:
Ik brûk altyd graach it foarbyld fan it lidmaatskip fan ‘e sportskoalle. In lidmaatskip allinnich jout gjin goede kondysje, derfoar moatst oanwêzich wêze en oefenje. Dat jildt ek foar ús. As wy krêftich en sterk bliuwe wolle, moatte wy aktyf en oanwêzich wêze. Dat kin ast meidochst.
Op dit stuit binne der al in soad frijwilligers aktyf foar it sprekoere wurk en ynkommen, reyntegraasje konsulinten en WIA begelieders, karriêreadvys en adviseurs sosjale foarsjennings. Ek de kontaktpersoanen âlderein en de jongereinbeweging Voor € 14 is yn Fryslân tige aktyf.
Der is dus in soad te dwaan en te ûntdekken op it fakbûnshûs. Der binne tal fan funksjes dêr't wy noch wol aktive minsken foar brûke kinne. Op dit stuit binne wy bygelyks op syk nei gasthearen en froulju sadat wy ús prachtige fakbûnshûs alle dagen iepen stelle kinne foar elkenien mei fragen. Foar mear ynformaasje oer de frijwilligersfunksjes op it fakbûnshûs, sjoch dizze side. Spesifike ynformaasje oer de frijwilligersfunksje gastfrou/gasthear, fynst hjir.
Hast fragen of wolst meidwaan, mail dan nei: FNV Noord
~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~~
Waar ligt je Friese vakbondshart?
De FNV heeft in de provincie Friesland twee lokale vakbondshuizen waar al onze
(toekomstige) leden terecht kunnen met hun vragen over alles wat met werk, inkomen of loopbaan te maken heeft. Maar soms ook gewoon om even een kopje koffie te drinken en even bij te praten.
Uitdaging:
Je kunt dus zeggen dat het lokale vakbondshuis FNV een verenigingsclubhuis van en voor onze (toekomstige) leden is.
Er vinden allerlei activiteiten plaats die betrekking hebben op werk, inkomen en je loopbaan. In de basis de “emancipatie” van werknemers in de meest brede zin van het woord. We dagen je dus ook graag uit om nieuwe ideeën of activiteiten aan te brengen die passen bij deze doelstelling van de FNV. Wij zijn dus een vereniging, en die is zo sterk als de leden haar maken. Ik durf de bewering aan dat wij in Leeuwarden en Heerenveen sterk en stoer zijn en de taal spreken.
Voorbeeld:
Ik gebruik altijd graag het voorbeeld van het lidmaatschap van de sportschool. Een lidmaatschap alleen geeft geen goede conditie, daarvoor moet je aanwezig zijn en oefenen. Dat geldt ook voor ons. Als we krachtig en sterk willen blijven moeten we actief en aanwezig zijn. Dat kan als je meedoet.
Momenteel zijn er al veel vrijwilligers actief voor het spreekuur werk en inkomen, re-integratie consulenten en WIA begeleiders, loopbaanadvies en adviseurs sociale voorzieningen. Ook de contactpersonen ouderen en de jongerenbeweging Voor €14 is in Friesland erg actief.
Er is dus veel te doen en te ontdekken op het vakbondshuis. Er zijn tal van functies waar we nog wel actieve mensen voor kunnen gebruiken. Op dit moment zijn we bijvoorbeeld op zoek naar gastheren en vrouwen zodat wij ons prachtige vakbondshuis iedere dag open kunnen stellen voor iedereen met vragen. Voor meer informatie over de vrijwilligersfuncties op het vakbondshuis, zie deze site. Specifieke informatie over de vrijwilligersfunctie gastvrouw/gastheer, vind je hier.
Heb je vragen of wil je meedoen, mail dan naar: FNV Noord